» 
 » 
Ernst Langhout - Rûzjen Yne Wyn



Текст песни Misc Unsigned Bands - Ernst Langhout - Rûzjen Yne Wyn

Ernst Langhout - Rûzjen Yne Wyn
Misc Unsigned Bands
rûzjen yn'e wyn (blowin in the wind)

Hoefier moat immen dochs reizge ha,
foardat er in mins hite mei?
Ja hoe lang moat in do oer de see'n flein ha,
ear't er sliepe kin njonken de wei?
Hoelang fine kûgels noch paad yn 'e de loft
om te deadzjen by nacht en by dei?

It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn,
it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn.

Hoe faak stoarret immen omheech yn 'e loft
foardat er it himelljocht sjocht?
Ja en hoefolle earen moat ien minske ha
ear't er heart wa 't der roppet om rjocht?
en hoefolle deaden kostet it noch
ear 't er wit wa 't der stjert om 'e nocht?

It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn,
it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn.

Hoefolle jier kin in berch bestean,
foardat er ferkrûmelt ta sân?
Ja en hoefolle jier kinne minsken bestean
as finzenen, wa brekt har bân?
Hoe kin ien de rook fan in roas ûndergean
en net rûke de lucht fan de brân?

It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn,
it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn.
https://lyrics.primanota.net/misc-unsigned-bands/ernst-langhout-ruzjen-yne-wyn.htm